Abonnearje josels op ús RSS feed
Lettergrutte:
Letters teksten grutter meitsje Letters teksten lytser meitsje

De Fryske Bibeloersetting 1978

Om sitaten út de Fryske Bibel te brûken klikke jo op Fryske Bibel.

Jo komme op de side fan biblija.net, dêr't jo út meardere bibeloersettingen kieze kinne, mar dêr´t ek de Fryske Bibeloersetting fan 1978 te finen is. As jo dy oanklikke kinne jo elts bibelgedielte kieze dat jo nedich hawwe.

Krúspunt jiergearkomste 2012 yn Akkrum

Op sneon 21 april 2012 hâlde Krúspunt de jierkomste yn de Lantearne te Akkrum.

Sjongster Grytsje Kingma iepene de gearkomste mei it sjongen fan twa lieten. Dûmny Hinne Wagenaar slute yn syn iepeningswurd mei de skriftlêzing oer de toer fan Babel oan by it tema fan de dei "Ït is in Toer yn Fryslân". Dit wie ek de titel fan it ûndersyks ferslach fan teologe Reiny van Akker oer it brûken fan it Frysk yn de tsjerke fan Wurdum. Ek fiif oaren joegen in koarte ympresje fan hoe it yn harren gemeente mei it brûken fan it Frysk stie.

Nei it húshâldlike diel fan de dei en it skoft, folge in ynspirearjend sjongoere yn de Terptsjerke mei it Kwartettekoar û.l.f. Hindrik van der Meer. Op it programma stiene de lieten fan Fedde Schurer út de nije útjefte 'In spyltúch'.

De middeis wie it wurd oan de dielnimmers fan de Krúspuntdei om te praten oer: "Hoe krije wy de meartalige tsjerketsjinsten as útnoegjend oandachtspunt wer op 'e aginda fan ús tsjerkeried?"

Foar in kompleter oersjoch fan de dei klikke jo op ferslach.

 

Mear witte fan Krúspunt?

Nim dan kontakt my ús op! Us postadres is:

Stifting Krúspunt
p/a Berkenburg 7
8702 BD Boalsert
Of stjoer ús in e-mail: ynfo@kruspunt.nl

Wat is Krúspunt?

Krúspunt publisearret alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelings dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streek­ta­len op ynternet.Mear lêze

Foarum Krúspunt

Binne jo op syk nei materiaal of wolle jo mei ús yn petear oer allerhanne saken oangeande Frysk en tsjerke? Besykje dan ús foarum en doch mei! Let op: jo moatte jo earst wol registrearje foar jo reageare kinne!

Undersyk Frysktalige tsjerketsjinsten

NO foar it earst ûndersyk dien nei it wurdearjen fan Frysktalige (parten fan) tsjerketsjinsten. Konklúzje: 80 % stiet der neutraal of posityf foaroer, 15 % fynt heal om heal noch te min! Mar 5 % fan 'e besikers yn Wurdum hat leaver mear (of inkeld) Hollânsk.

Lês de gearfetting fan de ôfstudearskripsje fan Reinie van Akker.

Fragen? Ideeën? Inisjativen?

Krúspunt wol benammen dwaande wêze op ’e grinsflakken fan liturgy en meartaligens. Binne Jo op syk nei in ferske, in gedicht of wat oars, mar kinne jo it net op dizze webside fine? Set jo fraag, idee of inisjatyf op it Foarum om réaksjes fan oare besikers te krijen.